Support
 
Support Get Quote
 
 
 
 

SIEM

Foldwaan oan de fereasken fan SIEM met EventLog Analyzer

EventLog Analyzer is de kosteneffektyfste oplossing foar Security Information and Event Management (SIEM) dy op de merke te krijen is. EventLog Analyzer foldocht oan alle kritike SIEM-mooglikheden, lykas aggregaasje fan lochboeken út heterogene boarnen, forensysk ûndersyk fan lochboeken, korrelaasje fan barrens, ûnfertrage meldingen, bewekje fan yntegerens fan bestannen, analysearje fan lochboeken, bewekje fan brûkersaktiviteiten, audits fan tagong ta objekten, rapporten oer neilibjen, en bewarje fan lochboeken..

SIEM-mooglikheden fan EventLog Analyzer

Log Data Aggregation
EventLog Analyzer sammelt lochboeken út heterogene boarnen (Windows-systemen, Unix/Linux-systemen, tapassingen, databases, routers, switches en oare apparaten mei systeemlochboeken) op in sintraal plak. EventLog Analyzer brûkt de technology Universal Log Parsing and Indexing (ULPI). Sa kinne jo alle lochboekgegevens ûntsiferje nettsjinsteande de yndieling fan boarne en lochboek.
Log Forensics
EventLog Analyzer makket forinsysk ûndersyk hiel maklik mei de machtiche funksje foar sykje yn lochboeken. Sa kinne jo sykje op sawol de ûnbewurke as bewurke lochboeken en fuortendaliks forinsyske rapporten generearje dy binne basearre op de sykresultaten.
Mei EventLog Analyzer kinne netwurkbehearders de ûnbewurke lochboeken sykje om de krekte lochboekfermelding op te sykjen wêrtroch de befeiligingsaktiviteit feroarsake is, it krekte tiidstip te finen wêrop it oerienkommende befeiligensbarren plakfûn wêrtroch de aktiviteit is begûn en ek de lokaasje wêr de aktiviteiten ûntstien binne.
Event Correlation and Alerting
Mei korrelaasje fan eveneminten en produksje fan ûnfertrage warskôgings kinne netwurkbehearders har netwurk pro-aktyf beskermje tsjin bedrigingen. Mei EventLog Analyzer kinne jo regels en skripts konfigurearje foar it korrelearjen fan barrens op grûn fan betingsten foar drompelweardes of abnormale barrens en ûnfertrage meldingen ferstjoere foar alle oertrêdingen fan drompelweardes of netwurkôfwikingen.
De machtige korrelaasje-engine fan EventLog Analyzer befettet in bundel fan mear dan 70 gebrûkskleare regels foar korrelaasje. Dizze dekt tagong fan brûkers, oanmeldingen fan brûkers, bestânsyntegriteit, oanmeitsjen fan brûkers, groepbelied, unbedoele softwareynstallaasjes en mear
File Integrity Monitoring
EventLog Analyzer makket ûnfertrage kontrôle fan yntegerens fan bestannen (FIM) mooglik troch it beskermjen fan gefoelige gegevens en it foldwaan oan ferplichtingen foar neilibjen. Mei de mooglikheid fan EventLog Analyzer foar kontrôle fan bestânsyntegerens kinne befeiligingsfaklju no sintraal alle feroaringen folgje oan harren bestannen en mappen, lykas wannear bestannen en mappen binne oanmakke, iepene, werjûn, ferwidere, wizige, werneamd en folle mear.
Log Analysis
EventLog Analyzer fiert ûnfertrage analyzes út en jout de analysearre lochboekgegevens wêr yn maklik te befetsjen diagrammen, grafiken en rapporten. Brûkers kinne maklik details fan lochboekgegevens werjaan op it dashboard om mear ynsjoch te krijen en binnen minúten haadoarsaken te analysearjen. De oplossing leveret ûnfertrage meldingen basearre op de lêste ynformaasje oer bedrigingen fanút feeds oer STIX/TAXII-bedrigingen.
User Monitoring
EventLog Analyzer leveret útwreide rapporten oer kontrôle fan brûkers. Hjirtroch kin fertocht gedrag fan brûkers folge wurde, ynklusyf behearder-brûkers mei foarrjochten (PUMA).
Jo ûntfange krekte ynformaasje oer brûkerstagong, lykas hokker brûker de aksje útfierde, wat de ôfrin fan de aksje wie, op hokker server it barde en ynformaasje oer it brûkersstasjon wêr’t de aksje aktivearre waard.
Object Access Auditing
EventLog Analyzer ynformearret jo oer wat bard is mei jo bestannen en mappen: wa dizze hat iepene, ferwidere, feroare, ferpleatst, wêr de bestannen en mappen bedarre binne, ensfh. EventLog Analyzer leveret rapporten oer objekttagong yn brûkersfreonlike yndielingen (PDF en CSV ) en ferstjoert meldingen wannear jo gefoelige bestannen/mappen ûnfertrage iepene wurde troch net-machtige persoanen fia sms of e-post.
Jo ûntfange krekte ynformaasje oer objekttagong, lykas hokker brûker de aksje útfierde, wat de ôfrin fan ’e aksje wie, op hokker server it barde en ynformaasje oer it brûkersstasjon/netwurkapperaat wêr de aksje aktivearre is.
Compliance Reports
Nielibjen stiet sintraal by SIEM en mei EventLog Analyzer kinne organisaasjes foldwaan oan regeljouwing foar neilibjen troch it kontrolearjen en analysearjen fan lochboekgegevens fan alle netwurkapperaten en tapassingen. Mei EventLog Analyzer kinne jo foarôf definiearre/standert rapporten oer neilibjen generearje, lykas PCI DSS, FISMA, GLBA, SOX, HIPAA, ensfh.
EventLog Analyzer leveret ek in funksje mei oanfoljende wearde foar it oanpassen fan besteande rapporten oer neilibjen. Brûkers kinne ek nije rapporten oer neilibjen generearje om te helpjen by it foldwaan oan tanimmende nije wetten oer neilibjen yn de takomst. Praktykstúdzje: Lês hoe TRA rapporten oer neilibjen fan ISO 27001 generearde om te foldwaan oan fereasken foar neilibjen.
Log Data Retention
EventLog Analyzer bewarret histoaryske lochboekgegevens om te foldwaan oan fereasken foar neilibjen om forinsysk ûndersyk en ynterne kontrôles út te fieren. Alle bewarre lochboekgegevens wurde “hasht” en fan in tydstimpel foarsjoen, sadat se bestindich binne tsjin ûnrjochtmjittiche wjzigingen. EventLog Analyzer bewarret alle troch masjines genereare lochboeken, systeem-, apperaat- en tapassingslochboeken yn in sintraal opslachplak.
Relatearre fideo’s

EventLog Analyzer Trusted By

Los Alamos National Bank Michigan State University
Panasonic Comcast
Oklahoma State University IBM
Accenture Bank of America
Infosys
Ernst Young

Customer Speaks

  • Credit Union of Denver has been using EventLog Analyzer for more than four years for our internal user activity monitoring. EventLog Analyzer provides great value as a network forensic tool and for regulatory due diligence. This product can rapidly be scaled to meet our dynamic business needs.
    Benjamin Shumaker
    Vice President of IT / ISO
    Credit Union of Denver
  • The best thing, I like about the application, is the well structured GUI and the automated reports. This is a great help for network engineers to monitor all the devices in a single dashboard. The canned reports are a clever piece of work.
    Joseph Graziano, MCSE CCA VCP
    Senior Network Engineer
    Citadel
  • EventLog Analyzer has been a good event log reporting and alerting solution for our information technology needs. It minimizes the amount of time we spent on filtering through event logs and provides almost near real-time notification of administratively defined alerts.
    Joseph E. Veretto
    Operations Review Specialist
    Office of Information System
    Florida Department of Transportation
  • Windows Event logs and device Syslogs are a real time synopsis of what is happening on a computer or network. EventLog Analyzer is an economical, functional and easy-to-utilize tool that allows me to know what is going on in the network by pushing alerts and reports, both in real time and scheduled. It is a premium software Intrusion Detection System application.
    Jim Lloyd
    Information Systems Manager
    First Mountain Bank

Awards and Recognitions

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •