ADSelfService Plus is in yntegrearre oplossing foar it sels behearjen fan Active Directory-wachtwurden en inkelfâldige oanmeldingen. It biedt sels-service foar wachtwurden, meldingen foar it ferrinnen fan wachtwurden, in bywurker foar sels-servicemappen, syngronisaasje fan wachtwurden foar meardere platforms, en inkelfâldige oanmeldingen foar tapassingen fia de cloud. Brûk de ADSelfService Plus Android- en iPhone-apps foar mobile apperaten om altyd en oeral sels-service mooglik te meitsjen foar eingebrûkers. ADSelfService Plus stipet de IT-helpdesk by it ferminderjen fan tickets foar it opnij ynstellen fan wachtwurden en besparret eingebrûkers de frustraasje dy wurdt feroarsake troch útfaltyd fan kompjûters.
ADSelfService Plus befettet de folgjende listfunksjes:
Biedt eingebrûkers mooglikheden om sûnder bemuoiïng fan de helpdesk wachtwurden feilich opnij yn te stellen en akkounts feilich te untskoatteljen.
Herrinerje meiwurkers (ynklusyf eksterne en VPN-gebrûkers) oan it oantsteande ferrinnen fan har wachtwurden fia sms-berjochten, e-post, of push-meldingen.
Pas detailleard wachtwurdbelied oan op it nivo van de organisaasje-ienheid (organizational unit - OU) en de groep foar ferskillende gebrûkers op meardere platforms.
Hjirmei kinne gebrûkers sels wachtwurden behearje fanút de oanmeldingsfinsters fan Windows OS, Mac OS X, Outlook Web Access, SharePoint en Citrix Web Interface.
Krekte en hjoeddeistige mapynformaasje ûnderhâlde troch eingebrûkers har persoanlike gegevens yn AD te litte bywurkje.
Lit meiwurkers ienfâldich sykje nei gebrûkers, kontaktpersoanen, en groepen yn jo organisaasje.
Definiearje it belied foar abonneminten op groepen en lit gebrûkers in kar meitsje foar har selekteare distribúsjegroepen as har rol feroaret. Alles sûnder dat jo nei de helpdesk hoege.
Kontrolearje de hannelingen by sels-service fan gebrûkers basearre op foarôf definieare wurkstreamregels troch it yntegrearjen fan jo helpdesksoftware op basis fan beoardieling en goedkarring.
Yntegrearje mear as 100 tapassingen fia de cloud mei de Windows AD-akkounts fan jo bedriuw en jou gebrûkers it gemak fan tagong ta alle tapassingen fia ien kear oanmelde mei har AD-referinsjes.
Syngronisearje alle feroaringen oan wachtwurden en akkounts ûnfertrage en lit gebrûkers mei ien wachtwurd linich skeakelje tusken ferskillende tsjinsten fia de cloud en lokale systemen.