Doel boud foar Microsoft-ekosystemen.

ADManager Plus is in oplossing fia it web foar alle behear fan AD, Office 365, Exchange, G Suite, en Skype foar bedriuwen/Lync, G Suite, en Office 365. It ferienfâldigt ferskillende rûtinemjittige taken, lykas it ynrochtsjen fan gebrûkers, wiskjen fan ynaktive akkounts, en it behearen fan NTFS- en share-tastimmingen. It biedt ek mear dan 150 foarôf ferpakte rapporten, ynklusyf rapporten oer ynaktive of beskoattele AD-gebrûkersakkounts, Office 365-lisensjes, en de lêste oanmeldtyd fan gebrûkers, mei ynbouwde opsjes om direkt fanút dizze rapporten behear út te fieren. It omfettet in oanpaste struktuer foar wurkstreamen foar tickets en neilibjen, en it automatisearjen fan rûtinemjittige AD-taken, lykas it ynrochtsjen van gebrûkers en it ferwiderjen fan de ynrjochting. ADManager Plus biedt ek mobile tapassingen foar iOS en Android.

  • Active Directory-behear
  • It behearjen fan Active Directory (AD) wurdt ienfâldich en probleemleas troch mei opset sin bouwde funksjes foar gauris útfierde taken, lykas it tagelyk oanmeitsjen fan gebrûkersakkounts yn AD, Office 365, Exchange, G Suite en Skype foar bedriuwen/Lync; wizigjen fan gebrûkersakkounts, befeiligings- en distribúsjegroepen, kontaktpersoanen en kompjûters. Yn te stellen, reaktive sjabloanen foar it ynrjochtsjen en opnij ynrjochtsjen fan akkounts meitsje fan it oanmeitsjen en wizigjen fan AD-akkounts snelle hannelingen fan mar ien stap. Hiel wat oars as de lestige stipeprogramma's fan Microsoft, lykas ADUC en PowerShell.
  • Active Directory-rapportaazje
  • De ynbouwde bibleteek mei rapporten fan ADManager Plus befettet mear as 150 rapporten, dy't mei ien mûsklik detaillearde ynformaasje oer elk aspekt fan AD ophelje. Dizze helje wichtige gegevens op, lykas ynaktive gebrûkers, gebrûkers mei ferrûne wachtwurden of utskeakele gebrûkers; de wirklike oanmeldtyd fan gebrûkers, distribúsjelist en befeiligingsgroepen en har leden, rapporten oer NTFS- en share-tastimmingen, en rapporten oer neilibjen (SOX, HIPAA, PCI, ensfh.). It befettet ek in ynplanfunksje foar rapporten. Sa wurde de fereaske rapporten genereare en fia e-post op de júste tyd nei alle belanghawwenden ferstjoerd.
  • Behear en rapportaazje foar Office 365
  • ADManager Plus biedt behearders de lúkse har op de cloud basearre Office 365 ienfâldich en fanút ien inkelde konsôle, lykas de lokale AD, te behearjen en te soargjen foar de rapportaazje. It biedt de mooglikheid om Office 365-akkounts oan te meitsjen foar gebrûkers tidens it oanmeitsjen fan har AD-akkounts, it oanmeitsjen fan Office 365-akkounts foar besteande AD-gebrûkers, lisinsjes yn bulk ta te wizen of yn te lûken, postfakken fan Exchange Online-gebrûkers te behearen, lykas dielde postfakken, postfakken foar romtes, postfakken foar apperatuer, keppele postfakken, en mear.
  • It biedt ek in bibleteek fan Office 365-rapporten, ynklusyf rapporten oer alle, ynaktive gebrûkers, gebrûkers dy't har nea hawwe oanmeld en gebrûkers dy't ActiveSync hawwe ynskeakele, gebrûkers mei en sûnder lisinsje, lisinsjegegevens, distribúsje- en befeiligingsgroepen en har leden, en dielde postfakken. Al dizze rapporten kinne ek wurde ynpland foar automatysk generearjen en fia e-post opstjoerd nei meardere gebrûkers yn ferskillende yndielingen, lykas .csv, .pdf, .html en Excel.
  • Behear en rapportaazje foar G Suite
  • ADManager Plus stipet behearders ek by it oanmeitsjes fan gebrûkersakkounts in G Suite, tagelyks mei it oanmeitsjen fan gebrûkersakkounts yn AD. It biedt de mooglikheid aparte gebrûkers yn G Suite oan te meitsjen, yn bulk fia .csv-ymport, en sels automatysk. It biedt ek ynbouwde rapporten foar it opheljen fan gegevens oer alle G Suite-gebrûkers, aktive en opskoarte G Suite-gebrûkers. Dizze rapporten kinne ek automatysk, en op it opjûne tydstip, wurde genereard troch de ynplanfunksje foar rapporten.
  • Op goedkarring basearre Active Directory-wurkstream
  • Wurkstreamen stipe behearders de útfiering fan Ad-taken te streamlynjen. Fia de wurkstream mei meardere nivo’s kinne behearders ferskillende stappen ynstelle foar AD-hannelingen, lykas oanfreegjen, beoardieljen, goedkarre en útfiere. Troch it útfierjen fan AD-taken te standerdisearjen, stipe wurkstreamen behearders ienfâldich te soargjen foar it neilibjen fan de fereaske IT-noarmen en it organisasjonele belied. It befettet in ynbouwde tawizer fan taken en in melder, wermei behearders regels kinne ynstelle foar it automatysk tawizen fan oanfragen oan de relevante technisy, en foar it stjoeren fan meldingen fia e-post oer de status fan AD-oanfragen oan alle belanghawwenden. Wurkstreamen stipe behearders ek by it ynstellen fan op in tickets basearre AD-behearsysteem.
  • Automatisearing fan Active Directory
  • Behearders kinne alle selsstannige AD-taken automatisearje, lykas it opnij ynstelle fan wachtwurden, it yn- en útskeakelje en ûntskoattelje fan akkounts, it behearjen fan Office 365-lisinsjes, of sels in hiele AD-rûtine mei in foalchorder oan taken, dy't mei fêststelde yntervallen moatte wurde utfierd, lykas it wiskjen fan AD, ynklúsyf it finen fan ynaktive gebrûkers, dizze útskeakelje, ferpleatse nei in aparte organisjonele ienheid (OU), en ferwiderje. Útsein in flaterfrije útfiering, stipet de automatisearing fan AD Manager Plus by it besparjen fan tyd en wurk.
  • Behear en rapportaazje foar Skype foar bedriuwen/Lync
  • Neist AD kinne behearders mei ADManager Plus ek har Skype foar bedriuwen-/Lync-omjouwing behearje en hjirfoar rapportaazjes útfiere. It biedt behearders de mooglikheid apart of yn bulk gebrûkersakkounts oan te meitsjen yn Skype foar bedriuwen/Lync/LCS/OCS, direkt by it oanmeitsjen fan gebrûkersakkounts yn AD. Dêrneist kinne behearders gebrûkersakkounts ynskeakelje, útskeakelje of ferwiderje, en it belied tawize, opnij tawize of ferwiderje dat oan gebrûkers is tawizen yn har Skype foar bedriuwen-/Lync-/LCS-/OCS-omjouwing. ADManager Plus biedt ek foarôf konfigureare rapporten, sadat jo gebrûkers yn jo organisaasje kinne folgje dy't Skype foar bedriuwen/Lync/LCS/OCS hawwe yn- of útskeakele.
  • Yntegraasjes
  • Om it behear fan AD te ferienfâldigjen, kin ADManager Plus wurde yntegreard mei helpdesktapassingen, lykas ServiceDesk Plus, ServiceNow en Zendesk. Hjirtroch wurdt it behear fan AD-gebrûkersakkounts mooglik makke direkt fanút it stipeprogramma foar de helpdesk, databases lykas Oracle en MS SQL. Sa wurde automatysk gebrûkersakkounts yn AD oanmakke sadree't in nij gebrûkersrekord wurdt tafoege yn de database en SIEM-tapassingen.
  • Delegaasje fan Active Directory-helpdesk
  • Troch de feilige rol fan AD Manager Plus en de op OU basearre delegaasje, kinne behearders AD-taken feilich delegearje oan helpdesktechnisy, net-IT- of sels technysk net ûnderleine gebrûkers. Mei de op profyl basearre tagong ta funksjes foar AD-behear wurdt derfoar soarge dat technisy allinich de delegeare taken útfiere, in de tawezen OU’s, wêrtroch dizze delegaasje folslein feilich is. Behearders hoege net langer tyd te fergriemen oan it útfieren fan deistige of repetitive taken, lykas it opnij ynstellen fan wachtwurden en it ûntskoatteljen fan akkounts. Dêrneist is it, mei de ynbouwde kontrôlerapporten oer de helpdesk, ienfâldich in kontrôletrajekt te krijen fan alle hannelingen dy binne útfierd troch helpdesktechnisy.
  • Behear en rapportaazje foar Microsoft Exchange-server
  • ADManager Plus stipet behearders by it behear fan meardere ferzjes fan har Exchange-omjouwingen (Exchange 2003, 2007, 2010, 2013 en Exchange Online) en besparret har de muoite fan it skeakeljen tusken meardere konsôles en stipeprogramma's om har AD- en Exchange-omjouwingen te behearen. Behearders kinne taken foar Exchange-behear útfiere, lykas it oanmeitsjen, wizigjen en migrearjen fan e-postfakken, it behear fan rjochten foar e-postfakken, it tawizen of ynlûken fan Exchange-belied, ensfh., foar meardere gebrûkers en groepen, it oanmeitsjen en behearjen fan distribúsje- en dynamiske distribúsjegroepen, en noch mear. Spesifike Exchange-taken kinne ek oan helpdesktechnisy wurde delegeare.
  • Mei ADManager Plus, en de spesifike Exchange Server-rapporten dy't direkt ree foar gebrûk binne, bart Exchange-rapportaazje sûnder muoite en wurdt dit in folslein op UI basearre aktiviteit. De bibleteek mei Exchange-rapporten omfettet rapporten oer gebrûkers mei ynskeakele e-postfakken, distribúsjelist en leden, groepen mei ynskeakele e-postfakken, gebrûkers mei yn- of útskeakele OMA/OWA/ActiveSync, en noch mear. Al dizze rapporten kinne ek automatysk genereard wurde en fia e-post opstjoerd nei gebrûkers yn ferskillende yndielingen, lykas .xls, .pdf, .html en .csv.
  • Mobile tapassingen foar iOS- Android-apperaten
  • ADManager Plus biedt mobile tapassingen foar iOS- en Andriod-apperaten om AD-behearders oeral, sels ûnderweis, te helpen by it oanmeitsjen fan AD-gebrûkersakkounts, it opnij ynstellen fan wachtwurden fan gebrûkers, it yn-, útskeakeljen en ferwiderjen fan gebrûkers- en kompjûterakkounts, en it opnij ynstellen fan kompjûters.
  • Mei in soksoartige, wiidweidige samling oan funksjes foar it behearjen fan en rapportearjen oer Active Directory-, Office 365-, Exchange-, G Suite-, en Skype foar bedriuwen-/Lync-omjouwingen, fanút in inkelde konsoale, bliuwt ADManager Plus in fertrouwde freon fan behearders oer de hiele wrâld yn organisaasjes fan alle soarten en maten!

ADManager Plus Trusted By